
Ik bin jim sjonger
bij 1 winkel
Verwant
Streepjescode: 9789080440319
Alle aanbiedingen
- bol.comIk bin jim sjongerNaar de winkel€ 36,99Op voorraad
We verdienen mogelijk commissie als je via deze link koopt. Wat jij betaalt verandert niet.
Over dit product
Fedde Schurer? It is yn 1998 al hûndert jier lyn dat er berne waard, mar wa soe him dizze flamboyante Fries net mear te binnen bringe kinne? As strider foar ús taal, as pasifist of as sjoernalist, as sprekker, politikus, as skriuwer, oersetter of berimer, as dichter? Hokker oantinken jo ek fan him hawwe, almeast tinke jo ek oan him werom as de Fryske folksdichter fan in mannichte fersen en ferskes, noflik yn it gehoar lizzend, it iene al sjongsumer as it oare. It docht jin dan ek gjin nij dat der fan gjin Fryske dichter safolle wurk op muzyk set is as fan Fedde Schurer. Der is al hiel wat ôfskreaun oer syn wurk, syn idealen en syn dieden, mar it is no krekt dy pretinsje as "dichter fan it liet" dy't altyd yn it skaad bleaun is. Dit boek follet dat iepen plak op. Dêrmei is it net allinnich in moai betinkingsboek, mar ek in slútstien, in kolofon yn 'e rige beskôgingen en kommentaren dy't libben en wurk fan Schurer oereagje. Fedde Schurer hie der grif ek niget oan hân dat syn wurk en wear
Omschrijving aangeleverd door bol.com.